Oerfal yn Opsporing Verzocht

De webside fan Opsporing Verzocht
It televyzjeprogramma Opsporing Verzocht hat tiisdei omtinken foar de oerfal op Jetting Yachting yn Snits. Twa manlju rûnen op 5 febrewaris dit jier it gebou fan de jachtbouwer yn en easken jild fan twa meiwurkers. De twa waarden mei in fjoerwapen bedrige en slein. De oerfallers namen jild, bankpassen en in persoane-auto mei.
De plysje gie derfan út dat de oerfallers útnaaid wiene yn in wite bestelbus, mar dat wie net it gefal. Op de dei fan de oerfal is by de Rabobank yn Grou jild pind. De pinners binne tiisdei op televyzje te sjen.