Winkel ticht om motorklup

Motorklup No Surrender hat foar wat opskoar soarge by De Welkoop yn Ljouwert. In groep leden sammele him dêr moandeitemoarn ûnferwachts op it parkearterrein. Neffens No Surrender-captain Henk Kuipers net om mei te dwaan oan de motoralvestêdetocht, mar foar in tocht by harren kluphûzen yn Fryslân del.
De direksje fan De Welkoop die de doarren nei de komst fan de motorriders op slot. Ferskate personielsleden en klanten wienen dêr net bliid mei. Kuipers seit dat der goede ôfspraken makke binne mei de lokale autoriteiten en mei de direksje.