PvdA: gjin hege hier sporthal

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Ljouwert wol dat de gemeente yn de takomst ek legere hierprizen freget foar it gebrûk fan sportakkommodaasjes. In nije wet makket it fan 1 july ôf mooglik dat gemeenten marktkonforme tariven rekkenje meie, dus faak hegere hieren. Foar aktiviteiten dy't in grut maatskiplik belang hawwe, kin in útsûndering makke wurde.
De gemeente Ljouwert stelt as útsûndering foar oan de gemeenteried: antykreakgebouwen en buerthuzen en moetingssintra. De PvdA wol dat dy útsûndering ek jildt foar sporthallen en sportfjilden.