Messen en fertocht buiske

Plysje-embleem © ANP
Yn de Mounestrjitte yn Oerterp hat de plysje yn de nacht fan snein op moandei in 29-jierrige man út Noardwâlde oanhâlden. Plysjes seagen de man yn 'e auto sitten. Doe't se tichteby kamen, pakte de man in identiteitsbewiis en in grut mes. Nei fierder ûndersyk die bliken dat de man ek noch in flintermes en in buiske mei nei alle gedachten speed by him hie.
De man is oanhâlden en heard. De wapens en de drugs binne yn beslach naam.