De Rouwe sjit fytsers fuort

09 jun 2014 - 08:07

Twadde Keamerlid en Boalserter Sander de Rouwe hat op de moarn fan pinkstermoandei it startskot jûn foar de 78ste fytsalvestêdetocht. Dit jier dogge ek wer 15.000 fytsers oan de tocht mei. De organisaasje sil it waar ekstra in de gaten hâlde. It wurdt waarm en nei seizen yn 'e jûntiid is der kâns op reinbuien en tonger. Dy kinne foar problemen soargje om't dan noch in soad dielnimmers ûnderweis binne nei de einstreek yn Boalsert.

Op Omrop Fryslân radio wurdt hjoed de hiele dei ferslach dien fan de fytsalvestêdetocht.

Op Omrop Fryslân TV, omroplive.nl en omropfryslan.nl fan 12.00 oere ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)