Lieuwe Westra 30ste yn tiidrit

Lieuwe Westra (argyf) © Omrop Fryslân, Koos Wieling
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is it Criterium de Dauphiné snein begûn mei in 30ste plak op de tiidrit oer goed tsien kilometer. De winst gong nei Chris Froome, dy't in winnende tiid fan 13 minuten en 13 tellen klokte. Dêrmei wie er krekt rapper as de Spanjert Alberto Contador, dy't twadde waard. It tredde plak wie foar de Lúksemboarger Bob Jungels. De rapste Nederlanner wie Wilco Kelderman op it fyfde plak.