Partoer Westra wint keatsen

© Henk Bootsma
De haadklasse keatspartij yn Jorwert is snein in proai wurden foar it partoer fan Evelien Westra, Klasine Huistra en Manon Scheepstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Rianne Vellinga, Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra. Mei in prachtige boppeslach makke Scheepstra in ein oan de partij.
De striid om de lytse preemje waard wûn troch Marije Hiemstra, Nynke Sijbrandij en Geke de Boer.