Hearrenfean út earste klasse

De fuotballers fan Hearrenfean binne snein degradearre út earste klasse. Yn Dalen ferlearen de Feansters de return mei 3-0 fan twadde klasser Dalen. De thúsploech naam nei in goed healoere brutaal de lieding. Ek de twadde treffer wie foar Dalen, dy't dêrmei it 2-0 ferlies fan foarige wike yn lykwicht brocht. Nei de 3-0 moast Hearrenfean in ekstra domper ferwurkje doe't Kevin Klein in reade kaart krige. Yn de twadde helte wie de ploech fan ôfskiednimmend trainer Dick Schuurman ticht by de 3-1, mar it slagge net om te skoaren.
Dêrtroch spylje de Feansters takom jier yn de twadde klasse.