Lykspul foar Snits Wyt Swart

26 feb 2012 - 16:20

Snits Wyt Swart hat op eigen fjild mei 1-1 lykspile tsjin UDI '19. De earste helte wienen der genôch kânsen oan beide kanten, mar gjin doelpunten. Nei it skoft wie it Marcelino Morino Morato dy't de Snitsers op 1-0 sette. Lang koe it publyk net fan de foarsprong genietsje, want twa minuten letter stie de lykmakker op it boerd.

Mei noch in kertier te spyljen moast UDI '19 fierder mei tsien man nei de twadde giele kaart foar ferdigener Mark van der Meulenhof. De Snitsers wisten lykwols net te profitearjen fan de man-mear-situaasje.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)