Auto tsjin fangrail op A7

26 feb 2012 - 16:06
De A7 - Foto: Google Street View

Op de A7 by De Jouwer is sneontenacht om healwei fiven in 20-jierrige man út De Like yn Grinslân ferwûne rekke. Hy botste mei de auto op de fangrail.

It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean. De auto rekke total-loss by it ûngelok. De A7 hat in skoft ôfset west om de ravaazje op te rêden.

Trefwurden: 
ûngelok A7 De Jouwer fangrail
(advertinsje)
(advertinsje)