Hurdrider pakt yn Hallum

26 feb 2012 - 15:55

In automobilist fan 20 jier út Burdaard is sneontenacht trapearre op fierste hurd riden. De plysje seach him de Kleasterdyk yn Wânswert delstowen en gie derachteroan. De man ried wol 150 kilometer yn de oere, wylst op de diken dêr't er delkaam mar 80 riden wurde mei.

Op de Doniawei yn Hallum krige de bestjoerder in stopteken fan de plysje. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
hurdride Hallum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)