Sulver foar toulûkfroulju

26 feb 2012 - 14:57

De Nederlânse toulûkfroulju binne sneon by it WK yndoar toulûken foar nasjonale teams twadde wurden. Dêrmei hat it achttal yn de klasse oant 540 kg him pleatst foar de World Games, dy't yn 2013 yn it Kolombiaanske Cali hâlden wurde. Yn it team ûnder lieding fan coach Jelle van der Velde út Jellum sitte de Friezinnen Grietje Stoker út Wurdum, Aaltje Nieuwland út Jobbegea en Maaike Hornstra út Jellum.

It goud wie foar de Sineeske regio Taipee op Taiwan. It brûns gie nei Súd-Afrika.

De twa Nederlânske manljusploegen kamen ek yn aksje yn de klassen oant 560 kg en 640 kg. It team oant 640 kg bestie út manlju fan Deinum/Britsum. Beide ploegen kamen net fierder as it fyfde plak yn it totaalklassemint.

Trefwurden: 
WK toulûken Skotlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)