Hynder-aksje yn Keale Dunen

26 feb 2012 - 14:31

Steatsboskbehear sil faker hynders ynsette om it sân fan de Keale Dunen by Appelskea los te traapjen. Snein galoppearren 65 ruters troch it natuergebiet. Dêr meie oars gjin hynders komme, ûnder oare fanwege de briedende fûgels.

Troch de lege temperatueren fan de lêste moannen stoot it sân net mear en begjinne koarstmoassen te groeien. Dêrom hat Steatsboskbehear in oprop dien foar ruters om mei te helpen it sân los te meitsjen. Tolve jier ferlyn wie de lêste hynder-aksje by Appelskea.

Trefwurden: 
hynders Keale dunen ruters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)