Nûmerbuorden fan auto's helle
De plysje ûndersiket de stellerij fan in tal kentekenplaten yn Snits. Dêr waarden yn de nacht fan freed op sneon de nûmerbuorden fan seis ferskate auto's ôfhelle. De auto's stiene oan de Waterpoortsgrêft en oan it Zuidend.
Fiif Snitsers en in ynwenner fan Voorschoten hawwe oanjefte dien fan de stellerij.