Fjochterij: ruten bus stikken

26 feb 2012 - 13:49

Twa groepen jongeren hawwe yn de nacht fan sneon op snein skea oanrjochte oan in bus fan Connexxion. Harnzers en Tsjummearumers krigen rûzje yn de bus en begûnen opinoar yn te huffen. Dêrby rekken ferskate ruten fan de bus stikken. De bus stie doe op de Buorren yn Tsjummearum.

Busmaatskippij Connexxion hat oanjefte dien fan de fernieling.

Trefwurden: 
bus Connexxion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)