Famke mei tafel slein en skopt

26 feb 2012 - 13:05

Yn Berltsum is sneontenacht by in rûzje in famke fan 16 jier mei in tafel sa hurd slein en skopt dat se út de tiid rekke. It ynsidint wie yn in diskoteek oan it Hemmemaplein. Dêr hie it famke út Stiens om noch ûnbekende reden rûzje krige wêrnei't se troch in groepke mishannele waard.

It famke is mei de sike-auto nei it MCL yn Ljouwert brocht. De plysje ûndersiket de mishanneling. Der is noch gjinien oanhâlden.

Trefwurden: 
mishanneling famke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)