Nominaasje kuierpriis E'werf

26 feb 2012 - 09:38

De gemeente Eaststellingwerf is nomineard foar bêste kuiergemeente fan Nederlân yn in ferkiezing fan it blêd Te Voet. Bergen yn Limboarch en Rijssen/Holten dogge ek mei oan de ferkiezing. Ferslachjouwers fan it blêd hawwe yn de gemeenten west om de kuierpaden te besjen. Dêrby is sjoen nei it lânskip, de ôfwikseling, de rêstpunten en de hoareka ûnderweis.

Oant 8 april kin der noch stimd wurde, op wandelkrant.nl. It Limboarchske Bergen stiet no noch fier boppe-oan, mei hast 80 persint fan de stimmen.

Eardere winners binne Tubbergen en Horst aan de Maas

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)