Plysjeradar op krúspunten

Plysjemotor © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert wurde kommende wike strange snelheidskontrôles hâlden op in pear belangrike krúspunten, dêr't faak te hurd riden wurdt. It giet bygelyks om de ôfslach nei de nije wenwyk Techum op de Oeriselsestrjitwei, de krusing fan de Anne Vondelingwei en de Grinzerstrjitwei en de krusing fan de Aldlânsdyk en de Holwortel.
De plysje seit dat der klachten west hawwe oer te hurd riden.