Folle karre sûnder te beteljen

08 jun 2014 - 10:44

Twa Ljouwerters fan 32 en 55 jier binne sneon yn de haadstêd oanhâlden. It duo wurdt fertocht fan it stellen fan boadskippen út in supermerk oan de Emmakade. Se hienen in folle karre meinaam sûnder te beteljen. Twa meiwurkers achterfolgen it duo en ien fan har krige in fûstslach tsjin it skouder. De mannen naaiden sûnder har bút út, mar de plysje koe se letter oanhâlde. De plysje ûndersiket de saak. Mooglik wienen de mannen belutsen by in eardere stellerij by deselde winkel earder op de dei.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)