Thewis Hobma wint yn Burgum

Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn yn Burgum de tredde fierljepwedstryd fan dit seizoen wûn. Hy sprong 20 meter 28 en wie dêrmei dúdlik de sterkste. Twadde waard Bart Helmholt mei 19 meter 87 en it brûns gie nei Thomas Helmholt mei 18 meter 93.
By de junioaren pakte Age Hulder fan Burgum syn tredde titel op rige, mei 17 meter 33. Klaske Nauta fan Drylts wie de sterkste by de froulju mei 14 meter 62.
Jan Teade Nauta wûn oertsjûgjend by de jonges mei 17 meter 55. Takom woansdei is de fjirde fierljepwedstryd fan it seizoen yn Drylts.