Buien pleagje autopetters

08 jun 2014 - 08:50

De 176 dielnimmers oan de autopetalvestêdetocht hawwe sneontenacht by Hallum flink lêst hân fan in pear rein- en tongerbuien. De dielnimmers moasten tydlik oan de kant om te skûljen, yn in loads flak byit koekjefabryk fan Hellema. De 29ste edysje fan de alvestêdetocht foar de autopet is sneontenacht om 12.00 oere begûn yn Boalsert, mei in rekôroantal dielnimmers.

Se folgje deselde rûte as de fytsers op pinkstermoandei. Fjouwer dielnimmers foelen oant no ta út, troch blessueres of wurgens.

Yn Boalsert wachten de dielnimmers oant 10.30 oere op elkoar. Dêrnei giene se fierder mei de súdlike rûte. Om 14.30 wie der wer in start yn Aldemardum. Om 16.15 oere hinne wurde de earste dielnimmers by de finish ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)