Hoeksma en Sweering twadde

Harry Sweering yn it giel (argyffoto) © awfoto.nl
Ilona Hoeksma fan Lúkswâld is sneon twadde wurden yn de Omloop fan de Schermer. Yn de massasprint wie Nina Kessler fan Velserbroek krekt rapper. Monique van de Ree waard tredde. Anouska Koster fan De Westereen einige as tolfde.
By de elite amateurs gong de winst nei Pim Cazemier fan Den Horn. Snitser Harry Sweering waard twadde en Durk Fabriek fan Haulerwyk tredde. Dizze wedstriid telt mei foar de klupkompetysje.