Moaie foarsizzings: strân drok

Alhoewol't letter op de dei bewolking opkaam, giene Friezen der sneon manmachtich op út. Neffens de foarsizzings soe it in waarme dei wurde en dat luts in soad minsken nei bûten ta. Op it strân fan Makkum wie it moarns betiid al drok mei sinnebaaiers. Yn de rin fan de dei luts it ticht en begûn it sels op guon plakken wat te reinen. Mar dochs advisearret de organisaasje fan it festival Promised Land by Ljouwert de besikers goed te drinken.
Snein wurdt it wer waarm. Dan kinne der letter op de dei mooglik buien foarkomme.