Joëlle kampioen foarlêzen

Joëlle van der Hoek, Frysk Foarlêskampioen © Afûk
Joëlle van der Hoek fan basisskoalle It Skriuwboerd yn Surhústerfean is freed útroppen ta Frysk Foarlêskampioen 2014. It famke út groep 8 lies yn de teaterseal fan Tryater yn Ljouwert foar út De Boel op Stelten fan Auck Peanstra. Neffens de sjuery koe Joëlle de sfear fan it ferhaal goed oerbringe.
De fjirtjin finalisten namen twahûndert fans mei nei Ljouwert. Kontakt mei it publyk wie in wichtich punt dêr't de sjuery nei seach.