Noordpool Orkest op Pinkpop

07 jun 2014 - 14:46

It Noordpool Orkest út Drachten spilet sneontemiddei mei Ed Kowalczyk op Pinkpop. Kowalczyk is de eardere sjonger fan de Amerikaanske rockband Live. De band bruts yn de jierren '90 troch mei it album Throwing Copper dat yn 1994 ferskynde. Doe't Live op Pinkpop kaam, spile de band mei in soad súkses nûmers fan dy cd. It klassike Noordpool Orkest spilet dyselde nûmers no mei Kowalczyk as sjonger.

It Noordpool Orkest bestiet út 42 profesjonele musisy. Itselde konsert mei Kowalczyk sil ek plakfine yn De Oosterpoort yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)