'Famylje bedrige mei mes'

© ANP XTRA
De plysje yn Dokkum hat freed mei help fan pepperspray in agressive man oanhâlden. De 58-jierrige Dokkumer hie syn frou en soan yn hûs bedrige mei in mes. De frou en de soan koene útnaaie en de plysje warskôgje.
Neffens omwenners hat de man noch in skoft mei it mes op strjitte stean te swaaien. De plysjes fûnen de man. Hy wie lilk en yn de war. Pas nei it tatsjinjen fan pepperspray koe de man oanhâlden wurde. Hy sit noch fêst.