176 blaze, 3 te folle op

07 jun 2014 - 11:56
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn de omkriten fan Easterwâlde drankkontrôles hâlden. Fan de 176 bestjoerders dy't blaze moasten, hiene trije te folle drank op. Twa fan harren wiene begjinnend bestjoerder.

Der is proses-ferbaal tsjin de bestjoerders opmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)