Frou fan motor slingere
In 31-jierrige motorrydster út Stiens is freed ferwûne rekke doe't se op de Laustastins yn har wenplak foel mei de motor. Se ferlear de macht oer it stjoer yn in bocht, wêrnei't de motor stegere en de frou fan de motor slingere.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.