Arrestaasje mei lutsen pistoal

© Omrop Fryslân
Mei lutsen pistoal hat de plysje freedtenacht in bewenner fan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert oanhâlden. De plysje krige in melding fan lûdsoerlest. Doe't se by de man oan de doar kamen, waard dy lilk. Hy fernielde guod yn syn eigen hûs en pakte in honkbalkneppel.
Doe't er de plysjes dêrmei bedrige, lutsen dy it pistoal. De man liet de kneppel falle en dêrnei naam de plysje him mei nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst.