Plysjekontrôle op it wetter

07 jun 2014 - 11:43

De plysje en de provinsje hawwe freed in grutte kontrôle op it wetter hâlden. Der is kontrolearre op 'e Tsjûkemar, de Grutte Brekken en de Langwarder Wielen. Op de Langwarder Wielen is in skipper bekeurd dy't te hurd farde. De man hie syn papieren ek net by him. Dêr krige er in warskôging foar. Fierders binne ferskate skippers fan rappe boaten en fiskers kontrolearre, mar dêr waarden gjin oertredings konstatearre.

Mei it moaie waar fan de kommende tiid en de ferwachte drokte op it wetter sil de plysje faker kontrolearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)