Friezen ferwûne yn Drinte

07 jun 2014 - 11:00

By in ûngelok yn it Drintske Exloërveen binne freedtejûn twa froulju út De Jouwer ferwûne rekke. Se sieten yn in auto dy't op de krusing fan de Exloërveen mei de Nieuwe Dijk tsjin de auto fan in 48-jierrige man út Nieuw-Buinen botste. De man út Nieuw-Buinen rekke ek ferwûne.

De man en de froulju fan 38 en 41 jier binne nei it sikehûs brocht. In tredde ynsittende fan de auto, in frou fan 23 jier út De Jouwer kaam mei de skrik frij. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
auto-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)