'Jasper S. wol net betelje'

Jasper S., de feroardielde moardner fan Marianne Vaatstra, wegeret om heit Bauke Vaatstra in skeafergoeding te beteljen. Vaatstra easke fia de rjochter in bedrach fan 250.000 euro, foaral om't Jasper S. jierrenlang neat sein hat oer de moard dy't er 1999 dien hat.
De advokaat fan Vaatstra seit yn de Ljouwerter Krante dat Jasper S. neat betelje wol. Wêrom net, wol de advokaat net sizze. De saak moat noch foar de rjochtbank komme. Earder neamde de advokaat it bedrach te heech.
De pleats yn Aldwâld fan Jasper S. is yntusken ferkocht oan twa bruorren. De iene sil der wenje en de oare buorkje.