Tredde edysje fan ôfwikselwike

Yn de takomst soene mear kommersjele bedriuwen meidwaan moatte oan de Wike fan de Ofwikseling. Dat fynt projektlieder Josien de Graaf fan de provinsje. De ôfrûne wike wie de tredde edysje fan de Wike fan de Ofwikseling. Meiwurkers fan bedriuwen en ynstellings dy't meidogge, sjogge ien dei yn de keuken fan in oar bedriuw.
Dat kin foar sawol de meiwurker as syn wurkjouwer ferrassende útkomsten hawwe. Mar oant no ta dogge foaral net-kommersjele bedriuwen, oerheden en ynstellings mei. It dielnimmertal komt dit jier út op 500 bedriuwen.