Award foar RTV NOF

Jacob de Vries fan RTV NOF © Marten Kloetstra
RTV NOF hat freed in Lokale Omroep Award wûn. De lokale omrop krige de priis yn de kategory Crossmediaal foar har útstjoering oer de sinteklaasyntocht yn Dokkum. De lokale stjoerder foar Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân wie foar it tredde jier op rige nomineard.
Yn totaal wienen 25 kandidaten yn de race foar de prizen yn fiif kategoryen.