Selstraffen foar Cambuurfans

Fjouwer Cambuursupporters moatte de sel yn foar it bedriigjen fan eks-trainer Dwight Lodeweges. De rjochtbank hat de fertochten oant seis moannen selstraf oplein. Ek meie se de kommende trije jier net yn de buert fan it stadion komme. De fjouwer makken diel út fan de groep supporters dy't op 1 april it stadion binnenfoel en har skuldich makke oan fernielings en bedrigings.
Se wiene lilk omdat trainer Lodeweges de oerstap makke nei SC Hearrenfean. Op 30 juny komt der noch in oare groep supporters foar de rjochter.