Friezinne by D-day betinking

06 jun 2014 - 13:01

Yn Normandië is freed de jierlikse D-day betinking. Dit jier is it ekstra spesjaal, want it is 70 jier lyn dat de alliearde troepen op de Normandyske strannen oan lân kamen. Yn Frankryk is dit dan ek in gigantysk evenemint dêr't alle hege politisy út de wrâld op ôf komme, lykas Obama, Poetin, Merkel, Hollande en Rutte. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne ek útnoege.

Friezinne Marre Sloots is ek by de oanwêzigen. Se hie in brief skreaun oan de ambassade om derby wêze te kinnen. Dat is slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)