Minsken út hûs nei brânmelding

06 jun 2014 - 11:43

De brânwacht moast freedtemoarn yn aksje komme by in brânmelding yn in appartemintekompleks oan de Mearloatswâl yn Dokkum. Om healwei alven hinne melden bewenners dat se de brânmelder hearden en in brânlucht rûkten. De brânwacht rukte út mei in blusauto en heechwurker, mar dat wie úteinlik net nedich.

De bewenster fan it appartemint hie in panne op it fjoer stean litten, dy't oanbrânde. Oare bewenners fan it kompleks binne út foarsoarch troch de plysje út harren wenten helle. It appartemint rûn allinnich reekskea op.

Trefwurden: 
Dokkum brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)