Frou ferwûne yn Haskerhoarne

© ANP XTRA
By in oanriding op de Wyldehoarnstersingel yn Haskerhoarne is tongersdeitemiddei in 45-jieriige frou fan De Jouwer ferwûne rekke. De frou siet yn de auto dy't bestjoerd waard troch har man. Dy krige gjin foarrang fan in 27-jierrige bestjoerder út De Westereen. De beide bestjoerders fan de auto's kamen mei de skrik frij.
De frou moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.