Himpkwekerij yn wenning Snits

© Omrop Fryslân
In 44-jierrige Snitser is tongersdeitemoarn oanhâlden op fertinking fan it kweken fan himp. De plysje hie in tip krigen dat der yn de wenning fan de man in himpkwekerij sitte soe. Tongersdei die de plysje dêrom in ynfal yn it hûs. Der wie yndie in kwekerij. De himp wie al rispe en de koppen leinen te droegjen.
Alles is yn beslach naam. De bewenner is oanhâlden en heard. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.