Krimineel duo langer fêst

Profyltekening Antonio Marcos van der P. en Enise Merve B. © ANP
It foararrest fan Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne is mei 90 dagen ferlingd. Dat hat de rjochter besletten. De twa wurde der fan fertocht dat se yn febrewaris in spoar fan geweld oanrjochte ha yn Ychten, Meppel en Lage Mierde. Se ûntfierden en gizelen bygelyks minsken en skeaten ek in man del. Se flechten nei Dútslân dêr't se nei in dagen duorjende klopjacht oppakt waarden. De rjochtsaak tsjin de twa is nei alle gedachten nei de simmer. Se moatte earst noch út en tenei heard wurde, seit it Iepenbier Ministearje.