Ried Skylge stipet belied Bats

06 jun 2014 - 07:58

De gemeenteried fan Skylge stipet boargemaster Rob Bats yn syn drank- en horeakabeleid. Dat die tongersdei bliken yn de kommisje. Bats fynt dat jongerein op kempings yn har tinte gewoan drinke meie. Dizze útspraak hat ta konsternaasje laat yn Den Haach. Steatsekretaris Van Rijn wol meikoarten om tafel mei Bats. De gemeenteried fynt dat net nedich.

Neffens riedslid Guus Schweigmann fan Pleatslik Belang Skylge leit de skuld foar de opskuor by Van Rijn sels. De grins tusken publyklik terrein en privee terrein is net dúdlik fêstlein yn de wet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)