Húske-netwurk yn NE Fryslân

06 jun 2014 - 07:26

Lânskipsbehear sil tegearre mei plattelânsorganisaasje Vrouwen van Nu ynventarisearje wêr't yn Noardeast-Fryslân behoefte is oan iepenbiere húskes lâns fyts- en kuierrûtes. Ut ûndersyk docht bliken dat in soad kuierders en fytsers foar in oare regio kiest wannear't der gjin húskes lâns de rûtes binne.

Lânskipsbehear ropt ynwenners fan de streek op om in enkête yn te foljen en oan te jaan oft se har húske ter beskikking stelle. Sa moat der in netwurk ûntstean fan iepenbiere toiletfasiliteiten, dy't de regio oantrekliker makket.

It projekt kin mooglik letter útwreide wurde oer mear regio's yn Fryslân, tinkt Lânskipsbehear Fryslân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)