Lintsje foar Max De Haan

06 jun 2014 - 06:10

Wethâlder Max de Haan fan Achtkarspelen hat tongersdeitejûn in lintsje krigen. De Haan (55) waard oan de ein fan de riedsgearkomste yn de gemeente ferrast mei de beneaming ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. De dekorandus is no wethâlder, mar krige de keninklike ûnderskieding om't er hast 15 jier riedslid west hat foar Gemeentebelangen Achtkarspelen. Nei de lêste gemeenteriedsferkiezings waard De Haan wethâlder foar dizze partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)