Oud Kerkhof yn Snits 'autolij'

06 jun 2014 - 06:06

It Oud Kerkhof, it plein rûnom de Martinitsjerke yn it sintrum fan Snits, wurdt 'autolij' makke. In lytse mearderheid fan de gemeenteried hat derfoar tongersdeitejûn in moasje oannommen. Neffens de yntsjinners, it CDA en de ChristenUnie, soarget it ferkear rûn de tsjerke foar in soad ferkearsoerlêst.

Sa wurdt der faak parkeart op plakken dy't dêr hielendal net foar bestimd binne en binne der in soad auto's dy't der del ride, mar der eins hielendal neat te sykjen hawwe. De bewenners kleie der al moannen oer.

Neffens it CDA en de ChristenUnie, de inisjatyfnimmers fan de moasje, soene der pealtsjes komme moatte om it ferkear tsjin te hâlden. De parkearplakken moatte tenei allinnich mar beskikber wêze foar minsken mei in beheining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)