20 miljoen foar sosjale wenten

05 jun 2014 - 21:23

De provinsje Fryslân stekt 20 miljoen euro yn de sosjale wenten. It giet om in liening foar de Fryske wenningboukorporaasjes, dy't mei dat jild harren wenten opknappe en duorsumer meitsje moatte. It jild moat der ek foar soargje dat de Fryske bousektor flink oan de slach kin. Neffens de provinsje kinne mei it jild hast trijetûzen minsken oan it wurk.

Nij is ek dat doarpen de kâns krije om sels in korporaasje op te rjochtsjen. Sy kinne dan sosjale hierwenten oernimme fan de korporaasjes om sa it tal wenten yn it doarp op peil te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)