12 miljoen foar Alpe d'HuZes

05 jun 2014 - 21:05

De sponsoraksje Alpe d'HuZes hat neffens in earste telling goed 12 miljoen euro opsmiten. Dat is folle minder as in jier lyn. Doe is der 29 miljoen euro by elkoar fytst. Dêr wienen doe wol twa dagen foar útlutsen. Oan de jierlikse aksje dogge ek in soad Friezen mei.

Dit jier hawwe yn totaal hast 5000 minsken de berch fytsend of kuierend beklommen om jild op te heljen foar de striid tsjin kanker. Yn oktober wurdt de definitive opbringst bekend makke

Trefwurden: 
Alpe d'HuZes opbringst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)