IM moat ynfo oer moard diele

05 jun 2014 - 18:41

It Iepenbier Ministearje (IM) moat alle ûndersiken yn de Tsjûkemarmoard diele mei de advokaat. Docht it IM dat net, dan meie se de fertochten yn dizze moardsaak net langer ferfolgje. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert tongersdei besletten. It IM wol oant no ta net meiwurkje oan it dielen fan ynformaasje.

In jier lyn waard it ferbaarnde lichem fan Omar Kourrich (35) út Amsterdam fûn by de Tsjûkemar. Der binne meardere fertochten oppakt yn ferbân mei de dea fan Kourrich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)