'Lit seehûnen mei rêst'
Seehûne-opfang Ecomare op Teksel warskôget minsken om dit wykein de ôfsletten gebieten op it Waad net yn te gean. De gewoane seenhûnen binne dizze dagen sa fier dat sy jongen krije. En dy jonge seehûnen binne hiel kwetsber foar fersteuring.
Ecomare ferwachtet dit pinksterwykein in soad toeristen op it Waad yn ferbân mei it moaie waar.