Topkeatser Jesse Steerenberg

05 jun 2014 - 17:14

In 12-jierrige keatser út Reduzum hat wat dien dat hast noait bart yn de keatswrâld. Jesse Steerenberg fan de Trije Doarpen Skoalle yn Reduzum skoarde woansdei op it keatskampioenskip fan de gemeente Ljouwert 24 kear fanút de opslach. Dat betsjut dat Steerenberg en syn team gjin inkel punt ferlern hawwe. In unike prestaasje, fergelykber mei in hole-in-one by it golf. Peter Tolsma, coach yn de top fan de keatswrâld, seit dat hy noch noait soks sjoen hat.

Hy wie woansdei de coach fan it jonge partoer, fierder besteande út syn soan Jesper Tolsma en Johannes-Gerben Brinksma. De jonges komme 25 juny op de Fryske skoalkampioenskippen yn Ljouwert wer yn aksje.

Trefwurden: 
keatsen Jesse Steerenberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)