Stefano Marzo bliuwt langer
SC Hearrenfean hat it kontrakt mei Stefano Marzo mei twa seizoenen ferlingd. De ferdigener kaam it ôfrûne seizoen 16 kear út yn it earste alvetal fan SC Hearrenfean. Dy hat de 23-jierrige Belch yn de simmer fan 2013 oernommen fan Beerschot. Sûnt de winterstop is Marzo basisspiler by SC Hearrenfean.